Feanster 'Hensen Brothers' Timo en Rick winne wedstriid mei harren filmskript

10 apr 2020 - 08:56

De bruorren Timo en Rick Hensen fan It Hearrenfean hawwe mei har plan en skript foar de film 'Steengoed' de Filmkick Competitie wûn. De útslach waard tongersdeitejûn fia in livestream op Facebook bekend makke. De kompetysje wurdt jierliks organisearre troch it Noordelijk Film Festival.

Timo Hensen, mei de sjek fan 10.000 euro - Foto: eigen foto

De bruorren ha mei de priis 10.000 euro wûn. Dêr kinne se harren koarte film fan meitsje, dy't dêrnei yn premjêre giet op it Noordelijk Film Festival. 'Steengoed' spilet yn it fiktive Fryske doarp Wijtsum, dêr't in molkboer alle dagen de molke rûnbringt. Mar op in dei is der wat bysûnders oan'e hân mei de molke, wêrtroch't it doarp nea wer itselde wêze sil.

Sjuery

De sjuery bestie dit jier út produsint Joram Willink fan BIND Film, de Fryske regisseur Mirjam de With en Merel Bolleman, foarsitter fan VERS en freelance senarioskriuwer. Neffens de sjuery is it filmplan fan de Fryske bruorren in plan mei in soad potinsje en hege ambysjes. "Het heeft een originele en erg visuele vertelling met een goede spanningsopbouw en heerlijke absurdistische elementen. We hebben er alle vertrouwen in dat dit talentvolle duo een hoge production value weet te halen uit het beschikbare budget en we gunnen het ze van harte om hun plan te realiseren met het prijzengeld van de Filmkick Competitie."

Filmkick

Mei de Filmkick Competitie wol it Noordelijk Film Festival talintfolle filmmakkers fan eigen boaiem stimulearje. De priis fan 10.000 euro wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)