Boeren kinne fleis en suvel net mear kwyt

10 apr 2020 - 08:52

Boeren yn Fryslân wurde swier rekke troch it coronafirus. Dat seit Harm Wiegersma, foarsitter fan it Nederlânsk fakbûn foar melkfeehâlders. Der binne benammen swierrichheden by feehâlders by de ôfset fan fleis en suvel.

Op de pleats fan Wiegersma yn Rinsumageast giet alles noch wol syn gong, mar dat betsjut net dat der gjin problemen binne. "De hoareka leit foar in grut part stil, mar ek de útfier nei Dútslân fan slachtkij is dreech. Dat hat te krijen mei ekstra eksportsertifikaten."

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ien fan de grutste problemen yn de sektor is ôfname fan de fraach nei slachtkij. Wêr der oars yn lannen as Frankryk en Italië noch ferlet wie fan slachtkij, de saneamde 'rose keallen', is dat der no net mear. Dêrtroch bliuwe dy bisten yn de stâl stean. Dat hâldt yn dat de merk fersteurd rekket.

Ferslachjouwer Timo Jepkema yn petear mei Harm Wiegersma

Priis nei ûnder ta

Om't de fraach útfallen is, giet de priis fan molke en fleis nei ûnder ta. "Ik begryp dat ynkeapers in legere priis besykje te krijen, mar je moat je wol ôffreegje oft dat in goeie ûntwikkeling is. De molkepriis sil noch wol in pear moanne nei ûnderen ta gean, en dus hoopje ik dat Europa yngrypt. Oars krije we aanst wer bûterbergen om't wy ús spul net kwyt kinne."

Wiegersma hopet dus op stipe út Brussel wei. "Mar it soe moai wêze as it coronafirus ús aanst ferlit, dan kinne we wer normaal ús gong gean."

De kij fan Harm Wiegersma mochten hjoed foar it earst wer nei bûten ta. Besjoch hjir hoe't se 'dûnsen' fan bliidskip:

Rampsenario

Dochs makket Wiegersma him as foarsitter fan de Nederlânske Melkfeehâlders ek earnstige soargen. Molke wurdt gewoan ophelle by de boeren, de frachtweinen bliuwe riden, mar as grutte fabriken stil komme te lizzen trochdat se rekke wurde troch it coronafirus dan sil dat ek gefolgen ha. "As it grutte fabriken binne dan kin it wêze dat dan by in diel fan de boeren de molke net mear ophelle wurdt.

Trefwurden: 
boeren coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)