Kollum: "Yn 'e beannen wêze"

10 apr 2020 - 08:29

"Woansdei soe ik in pear pakketsjes ferstjoere en doe kaam ik der by de baly achter dat myn beurs noch op 'e keukentafel lei. Mar ik betocht al gau dat ik ek noch eat ruilje moatst, dus as ik dat no earst dwaan soe, dan hie ik wer wat kontant jild.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Ik liet de pakketsjes efkes yn 'e winkel stean en gong fierder om de miskeap te ruiljen. Mar doe't ik it út 'e tas helle hie, siet der gjin kaartsje mear oan en koene se it net weromnimme. Ik begriep der neat fan, want ik wie der hast wol wis fan dat ik it der net ôfhelle hie. Wol de kaartsjes fan twa oare shirts dy't ik holden ha, mar net fan dit jurkje.

Ik bin úteinlik dochs mar werom nei hûs ta gien om de beurs op te heljen en it kaartsje te sykjen. Doe die bliken dat it labeltsje stikken wie en sadwaande it kaartsje der ôffallen wie. Ik koe der dus neat oan dwaan, mar ik fielde my wol ûnnoazel.

De jûns derfoar soe ik it iten út 'e ûne helje en dat gong ek al mis. Ik hie beantsjes makke mei fan alles dertroch en tsiis deroer, yn in grutte glêzen skaal. Mar wylst ik de doar fan de ûne iepen die en it roaster oanluts, fleach de skaal dêr mei gong fan ôf om dêrnei yn tûzen stikjes op 'e flier út elkoar te spatten.

Doe ha 'k wol sa aldermachtichste lûd flokt, wylst Jelle en de bern de rotsoai opromme ha mei de strontskep fan de hynders. Lokkich hie ik in pear potten griente en koene we dochs noch fatsoenlik ite mar dit wie ek sa'n domme aksje dêr't ik noch net fan begryp hoe't it barre koe.

Wat al slagge is, wie de jierdei fan pake Kees! Hy is woansdei 100 jier wurden en hat mear as 2500 kaarten krigen! Ik ha in hiele protte foto's op de app krigen en it is hertferwaarmjend om te sjen hoefolle minsken de muoite nommen ha om him lok te winskjen! De kaarten kamen oeral wei en der wie sels in brief fan it keninklik hûs!

It wie woansdei hearlik waar en lokkich wiene der al in pear neiste famyljeleden by. Pake siet yn it soarchsintrum en de famylje bûten, mar de doar wie iepen en as grutte ferassing wie der ek in delegaasje fan de plysje út Maastricht! Hy siet der tiisdeitejûn noch wol oer yn oer hoe't syn jierdei yn karantêne ferrinne soe, mar hy hat dochs in prachtige dei hân! En hy hat sels in koarte oardel- meter-der-tusken-polonêze yn 'e rolstoel dien, mei de plysje derachter oan.

Muoike Sjoukje hie allegear lange slingers fan de kaarten makke, dy't se by it soarchsintrum ophongen ha en omdat in diel fan de famylje yn it suden fan it lân wennet, krij ik ek mei hoe need it dêr giet mei it firus. Myn muoike en nichtsje wurkje yn it sikehûs en wy ha hast alle dagen kontakt. Sadwaande ha ik de ynformaasje út betroubere boarne en net fan ien of oare praatsjemakker op social media.

Myn ûnnoazele aksjes oan it begjin fan dit stikje ha yn ferhâlding ta it coronageweld dêr neat om 'e hakken, mar dochs hat it der wol mei te krijen. Want nettsjinsteande alle beheiningen kinne wy ús noch wol sa frij bewege om miskeapen te dwaan én te ruiljen. En mei tank oan it firus hiene wy al beantsjes by it jûnsiten. Dy hie ik nammentlik hamstere, foar it gefal dat. Ik bin der net grutsk op, mar wie no al bliid dat ik se hie."

(advertinsje)
(advertinsje)