Resultaten Zonderland by kwalifikaasje wrâldbeker Bakû bliuwe stean

De resultaten fan de kwalifikaasjewedstriden by de wrâldbekerwedstriden turnjen yn Bakû yn Azerbeidzjan dy't op 12 en 13 maart hâlden waarden, telle mei foar punten yn it wrâldbekerklassemint. Epke Zonderland einige op de rekstôk op it twadde plak. Hy fertsjinnet dêrmei 25 punten. Dy telle no mei yn de kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen yn Tokio.
© ANP
De bêste trije resultaten yn de wrâldbeker telle mei foar de pleatsing foar de Olympyske Spelen. Zonderland hat al trije oerwinnings op syn namme stean. Mei 90 punten fiert hy it klassemint op de rekstôk oan. Allinnich de wrâldbeker yn Doha, Katar stiet noch op it programma. Wannear't dy hâlden wurdt, is net bekend.
De wedstriden yn Bakû waarden nei de twadde dei stillein. Fanwegen de útbraak fan it coronafirus koene de finales net plakfine. No't de Olympyske Spelen fan Tokio mei in jier útsteld binne oant 2021 hat Zonderland de yntintsje ústprutsen om noch in jier troch te gean. Hy wie oars fan plan nei de Spelen fan 2020 op te hâlden.