Auto brânt folslein út by Jobbegea

10 apr 2020 - 07:07

By Jobbegea is tongersdeitejûn in auto folslein útbaarnd. Doe't de brânwacht arrivearre, stie de wein al yn ljochte lôge.

Foto: ProNews

It fjoer waard útmakke, mar de auto wie net mear te rêden. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net bekend. Der rekke gjinien ferwûne.

Trefwurden: 
auto brân Jobbegea
(advertinsje)
(advertinsje)