Liveblog | 10 april 2020

Coronanijs 10 april: 26 pasjinten op Fryske IC's, noch soad ûndúdlik oer firus

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 10 april 2020, 22:28
22:30

Ein fan dit liveblog

Wy slute dit liveblog. Sneontemoarn om 07.00 oere binne wy der wer mei in nij liveblog oer it coronafirus. Elkenien tank foar it folgjen. Dit wie it wichtichste nijs fan freed:
© Shutterstock
22:18

'Net sûnder beskermingsmiddels wurkje'

Dokterorganisaasje KNMG wol net dat dokters en oare soarchferlieners sûnder beskermingsmiddels harren wurk dwaan. Der is op dit stuit bygelyks ferlet fan mûlkapkes. Dêrtroch binne de risiko's op besmetting mei it coronafirus grut, seit de organisaasje. Neffens de KNMG mei dêrom allinne soarch fan helpferlieners ferwachte wurde as sy foldwaande beskermingsmiddels ta harren beskikking krije.
21:34

Psycholooch ferwachtet ekstra drokte troch corona

Psycholooch Neeltje Riemersma fan It Hearrenfean ferwachtet op termyn in soad ekstra drokte. Guon minsken fiele har troch de coronakrisis bygelyks iensumer en wurde eangstich. Dat is net samar foarby, ek net as de regearing de maatregels ferminderet. "Als je er van de regering weer uit mag en dingen mag ondernemen, raak je de angst niet zomaar kwijt."
20:51
20:22

Mondiale deadetal coronakrisis heger as 100.000

It mondiale deadetal troch de útbraak fan it coronafirus stiet sûnt freed op goed 100.000. Dat hat parseburo Reuters besifere. By mear as 1,6 miljoen minsken is fêststeld dat se it firus oprûn hawwe. It echte deadetal leit nei alle gedachten folle heger. Guon lannen nimme allinne sifers mei fan pasjinten dy't yn de sikehuzen ferstjerre. Ek binne guon minsken ferstoarn dy't net test binne, mar mooglik wol it coronafirus hawwe.
20:12

Mikrobiolooch: "Het coronavirus is er nog gewoon, nog veel onduidelijk"

"Het is heel fijn dat het aantal mensen op de intensive care daalt, maar het virus is er nog gewoon. Het virus circuleert nog en we moeten dus gewoon onze maatregelen volhouden, zodat we geen stijgende opnamecijfers meer krijgen." Dat seit mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan it Ljouwerter sintrum Izore. Sy beklammet dat it coronafirus tige gefaarlik bliuwt, ek al lizze der minder minsken op de intensive care.
Arts en microbiolooch Anne-Marie van Elsacker © Izore