UPDATE: Fytsersbûn hellet kaart mei coronaproof fytsrûtes offline

It fytsersbûn Fryslân hat in earder publisearre kaart op har webside, mei fytsrûtes dy't coronaproof binne, wer offline helle. It bûn seit 'het te betreuren dat deze routes op deze manier zijn gepubliceerd, omdat ze ingaan tegen ons advies om zoveel mogelijk thuis te blijven'.
Fytsersbûn hellet kaart mei coronaproof fytsrûtes offline
It gie om rûtes oer brede diken, sadat je je net drok hoege te meitsjen oft je wol genôch ôfstân fan oaren hâlde kinne. Ek waarden de drokstbesochte diken oerslein, sadat de kâns dat elkenien aansten op deselde diken fytst lyts is.
Der kaam in soad ophef oer it inisjatyf fan it fytsbûn. Dêrom is de kaart no wer fan de webside ôfhelle en skriuwt it bûn dat 'ons advies is en blijft: ga alleen van huis als het moet, en blijf voor een frisse neus in je directe omgeving'.