Ljouwert slút 'hotspots' foar jongerein: kat-en-mûsspul mei hanthavening

10 apr 2020 - 06:00

De gemeente Ljouwert slút fjouwer plakken ôf dêr't tefolle jongerein byinoar komt dy't gjin oardel meter ôfstân hâldt. It giet om it skatepark yn de Van Loonstrjitte, de fuotbalkoaien oan it Groenesterpaad en de Wybrand de Geeststrjitte yn Ljouwert en de skatebaan yn Grou. It sluten giet freedtemoarn om njoggen oere yn en duorret oant en mei tiisdeitemoarn njoggen oere.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

'Het is gewoon saai'

Der sil strang tafersjoch hâlden wurde, sa lit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert witte. Komme der dochs minsken, dan rinne se kâns op in boete. Buma hopet dat it net nedich is en ropt minsken dan ek op harren oan de regels te hâlden.

"Dat doen we wel", sizze trije skaters yn Ljouwert. Sy genietsje op tongersdeitejûn fan de sinne wylst se lekker skate. It nijs fan it sluten hawwe se krekt op ynternet lêzen. "Wij houden ons wel aan de anderhalve meter afstand. Dat doet niet iedereen, nee. Dat zien wij ook. Maar kijk nu om je heen. Er zijn overal wel wat mensen maar nergens met meer dan drie." Dochs is der ek begryp foar de regels: "Ja, de gezondheid staat voorop. Daar spelen wij ook een rol bij. Maar het is gewoon saai."

Aldergeloks binne der alternativen: "Er zijn nog andere skateparkjes wel open. Dan moeten we daar gaan kijken."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma by jongerein yn Grou

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Kat-en-mûsspul mei de hanthaveners

Yn Grou komt it boadskip hurd oan: "Wat, dat mienst net. Hjir dizze ticht? Wannear dan? Hoe let? En werom?" De trije jongens dy't no op har autopet oer de golfjende baan slingerje begripe de maatregel net goed: "Wy hâlde ús frij goed oan de oardel meter ôfstân en we binne hjir ek net mei in soad oaren."

Ien fan de redenen dat de baan ticht giet is om't de jongerein dêr tefolle byinoar sit. "Ja, we ha wol hanthaveners fan de gemeente sjoen", seit ien fan de jonges. "Se komme dan oanriden en bliuwe yn de auto sitten. Wy naaie dan út. In bytsje in kat-en-mûsspultsje." Ien fan de groep hat al in warskôging krigen: "Ik wie oan it fuotbaljen, mei syn fjouweren." It alternatyf foar de Grouster skaters? "Ik tink mar gewoan op strjitte? Wêr oars, der is neat."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Terapy yn de wenkeamer

Krekt wat fierderop by it skatepark oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert binne fjouwer minsken oan it fitnessen. "We doen het eigenlijk per tweetal. Als er een duo met gewichten werkt staan de anderen op afstand." Der is begryp foar it sluten: "Kijk, gezondheid staat voorop. De hele wereld is hier nu mee bezig. Dat ze hier de boel dan sluiten is jammer maar er zijn ergere dingen." Se hawwe dan ek al in alternatyf: "Thuis in de tuin, de woonkamer of het balkon. We moeten gewoon onze energie kwijt. Het is zeg maar onze therapie."

De sporters by it skatepark oan de Van Loonstrjitte

(advertinsje)
(advertinsje)