Wettersteuring yn súdwesten provinsje: 10.000 húshâldingen troffen

Yn it súdwesten fan de provinsje komt al in skoft gjin of hast gjin wetter út de kraan. Wetterbedriuw Vitens hat te krijen mei in lek yn in transportlieding. Dêrtroch krije húshâldingen om Balk, Harich, Aldemardum, Bakhuzen, Wikel en Warns hinne gjin of hast gjin wetter út de kraan. It soe gean om likernôch 10.000 húshâldingen.
Vitens © ANP
Vitens hat witte litten dat der drok wurke wurdt om de wetterdruk wer oan de gong te krijen. De monteur is no op it plak om it lek op te sykjen, it hinget fan de kompleksiteit fan it probleem ôf hoe let it wer oplost wurde kin. Vitens hopet wol dat it yn de rin fan de nacht slagje sil, jout in wurdfierder oan.