Finansjeel coach Ankie Horjus: "Jildproblemen grutter troch útstel betellingen"

09 apr 2020 - 22:17

It letter beteljen fan hypoteeklesten en it útstellen fan btw en belesting binne moaie regelingen om minsken dy't it yn dizze tiid fan corona dreech ha, yn 'e mjitte te kommen. Se jouwe efkes wat lucht, mar binne se wol sa tûk? Finansjeel coach Ankie Horjus is benaud dat minsken der fierder troch yn de problemen komme.

Foto: Pixabay

"Ut de lingte of breedte, it sil úteinlik wol betelle wurde moatte." Horjus tinkt dat minsken op dizze wize skulden opbouwe sille. "Ik stel my dochs foar dat ast it op in gegeven momint yn augustus of septimber betelje moatst, dan is dat bedrach wol hiel heech wurden." Minsken dy't der net wis fan binne oft se dan wer genôch ynkommen ha, kinne dan bot yn de problemen komme neffens har.

Horjus advisearret minsken om de betellingen net út te stellen. "Mar ast it echt net betelje kinst, moatst sa gau mooglik kontakt opnimme mei de ynstânsje om in betellingsregeling foar te stellen." Neffens har wurdt dêr altyd wol op yn gien troch de oanbelangjende ynstânsjes.

Finansjele buffer opbouwe

Net elkenien hat in finansjele buffer opboud. Ek dêr hat Horjus tips foar. "It is it handichst om op it momint datst dyn salaris krijst, fuort in bedrach efterút te setten. Dan hâldst grif mear oer, as datst oan it ein fan de moanne sjochst watst noch oer hast en dat te sparjen."

Minsken dy't it no finansjeel dreech ha, advisearret Horjus om foarearst allinnich de fêste lêsten en de boadskippen te beteljen. "En dan mar even sjen de earstkommende tiid, hoe'tst útkomst." Ek riedt se oan om op tiid om help te freegjen. "Sykje ien mei wa'tst hjir fertroud oer prate kinst en skamje dy net. Stap dêr oerhinne en sykje help."

Finansjeel coach Ankie Horjus

(advertinsje)
(advertinsje)