Sybrand Buma: "Kommend peaskewykein goed oan de regels hâlde"

09 apr 2020 - 21:10

It moaie waar lûkt hieltyd mear minsken út harren hûs. Terrassen moatte noch tichtbliuwe, mar guon winkels geane stadichoan wer iepen. Undertusken meitsje wy ús op foar in peaskewykein mei prachtich waar. Om foar te kommen dat dat gjin nije pyk yn de coronasifers jout, wurde der ekstra maatregels naam. Sybrand Buma, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân en boargemaster fan Ljouwert, fertelt mear oer wat dy regels ynhâlde.

Yn ferskate gemeenten hat bliken dien dat der noch te folle minsken byinoar komme op bepaalde plakken. It giet dan benammen om jongeren. Yn Drachten binne der warskôgingsbuorden delset by it Reidingpark, mar dy ha tongersdei noch net folle úthelle. Hanthaveners fan de gemeente Smellingerlân en de plysje troffen jûns wer in groep fan 15 oant 20 jongeren oan. Se binne fuortstjoerd mei in warskôging.

De gemeente Ljouwert slút foar dit peaskewykein fjouwer plakken, dêr't in soad jongeren byinoar komme. Dat binne it skatepark oan de Van Loonstraat yn Ljouwert, de skatebaan oan de Burstumerdyk yn Grou en de fuotbalkoaien oan it Groenesterpad en de Wybrand de Geeststraat yn Ljouwert. De sluting duorret fan freed 09.00 oere oant tiisdei 14 april 09.00 oere.

Oan de regels hâlde

Boargemaster Buma ropt lykwols elkenien op om de regels yn acht te nimmen. Hy hopet dat it peaskewykein likegoed ferrint as it ôfrûne wykein. "We staan klaar om, als dat nodig is, plekken dicht te doen. Mijn hoop is dat het gaat zoals afgelopen weekend en dat was uiteindelijk heel goed te doen. Ik heb de indruk dat de mensen heel goed weten, en dat is ook heel veel gezegd, dat het nog lang niet voorbij is."

Buma: "We zitten midden in de crisis en dat betekent dat we ons nog steeds aan de regels moeten houden: 1,5 meter, binnen blijven en als je even een luchtje schept, hou dan die afstand. We zitten gewoon in een moeilijke tijd en het woord 'crisis' is echt geen overdrijving, maar samen kunnen we dit wel aan. Als we zelf ons aan de regels houden, dan zijn we er des te eerder uit."

(advertinsje)
(advertinsje)