Plysje pakt fertochte (15) twa strjitrôven by Jelsum: "Gjin ferbân mei saak Grijpstra"

09 apr 2020 - 19:53

In 15-jierrige jonge út Stiens is woansdei as fertochte oanhâlden foar twa strjitrôven yn Jelsum. De strjitrôven fûnen plak op it fytspaad Spoardyk tusken Stiens en Ljouwert op 29 jannewaris en 18 febrewaris fan dit jier. It fytspaad leit yn de buert fan it plak dêr't it lichem fan Karin Grijpstra fûn waard.

Foto: Shutterstock.com (Dmitry Kalinovsky)

Net de iennige fertochte fan berôvingen

Mei help fan kamerabylden kaam de plysje de fertochte op it spoar. De jonge wurdt op it stuit heard troch de plysje. Hy is net de iennige fertochte en mear oanhâldingen wurde dêrom net útsletten.

In 34-jierrige man út Ljouwert fytste op 29 jannewaris om healwei tsienen oer it fytspaad, doe't syn fytsketting losskeat. Hy stapte fan syn fyts om it euvel te ferhelpen en waard doe fuortendaliks oanfallen troch fjouwer oant fiif jonges. Se joegen him klappen en berôven him.

Op 18 febrewaris fytste in 22-jierrige man út de gemeente Ljouwert om kertier foar njoggenen oer itselde fytspaad. Ut it neat kamen der út de berm trije jonges. Sy foelen de fytser oan en joegen him klappen mei in stôk, wêrnei't hy ek berôve waard.

Plysje: "Gjin ferbân tusken strjitrôven en dea Grijpstra"

Flakby de lokaasje dêr't de strjitrôven dien binne, waard oan De Wier yn Koarnjum op 23 febrewaris it lichem fan Karin Grijpstra oantroffen. Meardere omwenners tochten dat der in ferbân tusken de dea fan Grijpstra en de strjitrôven wêze soe. De ûndersyksteams fan de plysje hawwe ûndersyk dien nei de relaasje tusken de strjitrôven en it ferstjerren fan Grijpstra, mar der hat oant no ta bliken dien dat der gjin ferbân tusken is.

(advertinsje)
(advertinsje)