Omtinken foar oarloch: boeken Weststellingwerf en Gerkeskleaster-Strobos

09 apr 2020 - 19:43

Om't it dit jier 75 jier lyn is dat Fryslân befrijd is, komme der ferskate boeken út oer de tiid fan de besetting. Yn Gerkeskleaster-Strobos hat in histoarikus in boek skreaun oer dy tiid. En de gemeente Weststellingwerf jout alle ynwenners fergees in boek.

Boppe it boek fan Weststellingwerf, ûnder it boek fan Gerkeskleaster-Strobos - Foto: Rob Rotgers (boppe) / Gemeente Achtkarspelen (ûnder)

Weststellingwerf

Alle húshâldingen fan Weststellingwerf krije in fergees in boek oer de Twadde Wrâldoarloch yn de brievebus. De gemeente jout it kado oan de ynwenners fanwege it feit dat it 75 jier lyn is dat de gemeente befrijd is. Dat barde op 12 en 13 april 1945. Yn it boek Waarden van Vrijheid steane ferhalen fan gewoane ynwenners.

It boek is skreaun troch Niek van der Oord, Jan de Vries, Lourens Looijenga, Johan Veenstra en Geert Lantinga. Boargemaster André van de Nadort hat oanjûn dat de measte betinkingsaktiviteiten skrast binne fanwege it coronafirus: "In deze tijd realiseren we ons misschien wel meer dan anders wat vrijheid betekent."

Gerkeskleaster-Strobos

Ek yn Achtkarspelen is in boek skreaun, spesifyk oer de oarloch yn Gerkeskleaster-Strobos. It boek is skreaun troch histoarikus Klaas van der Schuit. De skriuwer hat twa jier dwaande west om it boek te meitsjen, mei de namme De Tweede Wereldoorlog 1940-1945 Gerkesklooster Stroobos. Dêrfoar binne der doarpsgenoaten sprutsen dy't de besetting noch meimakke hawwe. Boargemaster Oebele Brouwer hat it boek yn ûntfangst nomen. Hy neamt it in weardefol dokumint.

(advertinsje)
(advertinsje)