Fideodeiboek fan húsdokter nei corona wer op praktyk: "Het is rustig, dat maakt ons onrustig"

09 apr 2020 - 19:00

Húsdokter Bart Maats is wer oan it wurk. It is oardel wike lyn dat hy posityf test is op it coronafirus. Nei oerlis mei de GGD en omdat hy gjin klachten hân hat yn de lêste 48 oeren, koe hy wer begjinne op de praktyk. Maats hâldt in fideodeiboek by foar de rige 'Berjochten út it hert'. Yn syn nije vlog fertelt er oer de rêst op syn praktyk en watfoar gefolgen it ha kin nodat minsken minder gau nei de húsdokter ta gean.

Bart Maats en de oare vloggers folgje? Dat kin fia dizze dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)