Reedrydbûn KNSB rint nije haadsponsor mis troch coronafirus

It nijsberjocht wie al klear en foar de parsekonferinsje wie al in datum fêstlein. Reedrydbûn KNSB hie in nije haadsponsor fûn, mar op it alderlêste momint gie it dochs noch mis. De beëage haadsponsor heakke ôf fanwege it coronafirus.
© Orange Pictures
Der moat in nij bedriuw komme dat it reedrydbûn stipet, om't KPN nei tsien jier ophâldt. Mei hokker bedriuw oft de KNSB in oerienkomst hie, wol wurdfierder Carl Mureau net sizze. "Topsporters vertellen wel eens dat topsport een aaneenschakeling is van dieptepunten en heel soms beleef je een hoogtepunt. Met die insteek hebben we even geslikt en zijn we weer moedig voorwaarts gegaan", sa seit Mureau.
Op it stuit is it reedrydbûn yn petear mei nije partijen dy't mooglik haadsponsor wurde wolle. Neffens Mureau is der alle fertrouwen dat dy fûn wurdt, om't it riden in grutte 'mediawearde' hat.
Carl Mureau fan reedrydbûn KNSB