FNP wol krisispakket foar bedriuwen dy't bûten de boat falle

09 apr 2020 - 18:22

Der moat ien yntegraal krisispakket komme by de provinsjale kadernota yn juny. Dat wol koälysjepartij de FNP. Sa wol de partij foarkomme dat ien of in pear sektoaren yn de maatskippij in soad finansjele stipe krije, wylst oaren oan de krapperein komme.

Boatferhier - Foto: Shutterstock.com

"Wy hearre dat it net goed giet yn it toerisme en de hoareka, mar ek de wettersportsektor, de lânbou, winkels en doarpshuzen hawwe te lijen fan de coronakrisis", seit Sybren Posthumus, FNP-wurdfierder 'ekonomy, rekreaasje en toerisme en finânsjes.

"Om te helpen, kinne we it jild brûke fan eveneminten dy't net trochgean en dêr't gjin ferlet is fan it jild. Boppedat hat de provinsje reserves opboud foar in tiid fan krisis of foar tiden dat it ekonomysk minder giet."

It giet om stipe foar meardere sektoaren dy't gjin help krije fan it Ryk en fan gemeentes. De provinsje kin besjen wêr't de gatten falle en dêr dan help biede. Omdat it om in brede stipe giet, ferwachtet Posthumus dat it foarstel oannmmen wurde sil. "It giet net om ien sektor, mar it is foar hiel
Fryslân fan belang." De plannen moatte noch útwurke wurde.

Sybren Posthumus

Trefwurden: 
FNP coronakrisis krisispakket
(advertinsje)
(advertinsje)