Brêge oer de Strobosser Trekfeart by Kollum tydlik foar in part ticht

09 apr 2020 - 18:12

De brêge oer de Strobosser Trekfeart by Kollum is fan 14 april oant en mei 15 maaie net folslein tagonklik. De provinsje sil dwaande mei it opknappen fan de brêge, dy't yn de Lauwersmarwei (N358) leit.

Foto: Google Street View

Fracht- en lânbouferkear moat in omlieding folgje, it oare ferkear en it iepenbier ferfier kin noch wol trochride. Mei in ferkearsregel-ynstallaasje kin it ferkear om-en-om oer de brêge. Dy wurdt net betsjinne foar de skipfeart.

Mei spuitbeton wurdt de ûnderkant fan de brêge byholpen. Om't it beton úthurdzje moat, kin de brêge tydlik net te swier belêst wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)