Lesjaan út in 'mancave' wei yn tiden corona

09 apr 2020 - 18:05

Op 16 maart gongen de skoallen ticht. Sûnt dat momint besykje guon leararen noch sa goed as mooglik harren wurk te dwaan en harren learlingen te berikken. Faak giet dat fia fideobeljen. Sa ek by Pieter Dirk en Milou út Menaam. Sy jouwe les yn syn 'mancave'.

Pieter Dirk Sikkema en syn frou Milou Sikkema-Van Gaalen wenje mei harren trije bern yn Menaam. Pieter Dirk is dosint by CSG Comenius op de lokaasje Zamenhof yn Ljouwert en jout praktykûnderwiis. "Dizze bern moatte it dochs faak mei de hannen dwaan. Dat komt no wol goed út, want ik jou harren húswurk mei, wêrmei't se de teory op peil hâlde moatte, mar ek praktyske opdrachten. Sa wurkje se dochs ek noch mei de hannen."

Mar fierder is it foaral behelpen, mei fideobeljen. Pieter Dirk en Milou ferhuzen in heal jier lyn en hy boude yn it hok in mancave mei in taap, bioskoopstuollen en barkrukken. Sa sit hy hjir sa no en dan in film te sjen of wat te drinken mei freonen. "Dat doch ik hjir it leafst, ja. Mar no is it efkes in nuttige lokaasje. De wifi-fersterker oan en belje mei myn learlingen."

Foto: Omrop Fryslân

Fideobelje mei de bern

Sa besiket hy in pear kear yn 'e wike te beljen mei syn groep. Mar fan de trettjin bern fideobellet hy faak mei krekt wat mear as de helte. "Der binne in pear net berikber. Dy reagearje dan net. De âlden ek net. Dat is wol ferfelend. Guon learlingen wolle troch nei it mbû. Dy rinne no wol in efterstân op."

Milou is dosint op de basisskoalle De Pionier yn de wyk Techum yn Ljouwert. "Twee keer per dag bel ik met 18 leerlingen." Milou jout les oan groep 5 en alle learlingen binne der by it fideobeljen. "Ik regel huiswerk, dat staat elke dag klaar. En als ik werk, bellen we 's ochtends om negen uur een keer en 's middags weer. Zo houd je toch enige regelmaat."

Skoallen meie sels bepale hoe't se it dogge. "We hebben het goed voor elkaar op onze school. Iedereen helpt mee en de ouders denken mee. Dat is wel echt verschillend per school. Ik moet wel zeggen dat ik daar heel erg van geniet en er trots op ben."

Multitasken

Mei trije jonge bern is it somtiden bêst lestich thús. "Hier thuis moesten we de boel eerst wel op elkaar afstemmen. Wie zorgt voor de kinderen? Wie helpt met huiswerk? Wie helpt de kinderen met onderwijs op afstand? Het is multitasken. Als ik met de kinderen bezig ben, dan kan Pieter Dirk met zijn werk bezig zijn en andersom. Het lukt allemaal. Met kunst- en vliegwerk. En ik mag nu ook in mancave komen."

(advertinsje)
(advertinsje)