Noardeasten fan Fryslân krijt 950.000 euro fan Iepen Mienskipsfûns

09 apr 2020 - 17:36

Santjin inisjativen op it mêd fan leefberens yn it noardeasten fan Fryslân krije 950.000 euro fan it Iepen Mienskipsfûns. Dat is subsydzje fan de provinsje Fryslân. Mei 75.000 euro giet de grutste bydrage fan it totaalbedrach nei it projekt 'Natuerlik Ferskaat mei de Mienskip' fan Stichting Wâldfrucht yn Bûtenpost. Dat wurdt brûkt om it bioferskaat yn de regio better te krijen.

Iepen Mienskipsfûns - Foto: Provinsje Fryslân

Mei it jild sil ûnder oare doarpshûs De Jister fan Ie opknapt wurde. De Jister is yn de jierren 90 boud en it pân is yntusken ferâldere. Mei in bydrage fan goed 30.000 euro kin it doarpshûs fernijd wurde. Ek wurdt it pân duorsum makke en komme der in 'bijehotel' en in blommeperk njonken foar it bioferskaat.

Yn Kollum wurdt it Keatsfjild ferboud ta in 'Beleefpark' mei in sportfjild, moetingssintrum en klimtastellen, dêr giet 35.000 euro hinne. It Skûtsjemuseum yn Earnewâld krijt goed 33.000 euro om út te wreidzjen, benammen om de gevel fan it museum nei foaren te bringen. Holwert krijt hast 25.000 euro foar in boarterstún oan De Kamp.

Lytsere bydragen

Wat lytsere bydragen geane nei in belibbingstocht yn Tytsjerk, it útwreidzjen fan it skoalplein fan basisskoalle Op 'e Trije yn Ferwert en in boarterstún yn Boelensloane, it oernimmen fan in elektrosloep troch Burdaard, it bouwen fan in poadium yn de Alde Skoalle yn Feanwâlden, in terrasoerkaping by temapark De Spitkeet yn De Harkema, it moaier meitsjen fan de yntreeën fan de doarpen Hegebeintum en Ferwert, it realisearjen fan in doarpshûskeamer yn Eanjum, 75 jier befrijing-aktiviteiten yn Kollum en Gerkeskleaster-Strobos, materiaal foar it iepenloftspul fan Burgum en it organisearjen fan de Avondvierdaagse yn Westergeast.

(advertinsje)
(advertinsje)