Learlingen en dosinten meitsje mûlkapkes en desynfeksjeguod foar buertsoarch

09 apr 2020 - 17:26

Naden naaie en alkohol út wyn destillearje: learlingen en dosinten fan CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne meitsje sels mûlkapkes en desynfeksjeguod. Sa besykje se in stientsje by te dragen oan it grutte tekoart yn de buertsoarch.

De naaimasine rattelet oan ien stik troch. In groepke fan 6 froulju sit ferspraat te wurkjen yn it lokaal dêr't oars it fak Mode en Design jûn wurdt. Mûlkapkes hiene de learlingen noch net earder makke. Mar de trije learlingen Femke, Jelina en Kayleigh dy't no op skoalle achter de naaimasine sitte meie, binne bliid mei dit wurkje.

"Ik fyn it echt hiel leuk, want thússitte fyn ik saai" seit Femke. Ek Jelina soe leaver gewoan nei skoalle ta gean, mar sjocht ek it belang fan it wurk dat se no docht: "Ik vind het wel bijzonder dat je iets maakt voor andere mensen. Dat wij dan een soort van aanvulling kunnen geven zodat er niet te weinig is." Kayleigh tinkt dêr krekt sa oer: "Je doet het voor het goede doel. Zo kun je het wel een beetje tegenhouden."

Foto: Omrop Fryslan

Produksjeline

Op in dei meitsje se sa'n fyfich oant tachtich mûlkapkes dy't bestimd binne foar de buertsoarch. By de buertsoarch yn Stiens hawwe se yntusken genôch, dêrom giet de partij dy't se no meitsje nei dakleazen yn Ljouwert. Om alles sa flot mooglik te dwaan, hawwe se in soarte fan produksjeline opset.

"Eerst wordt de stof gesneden en daarna worden de plooien getekend waar de stof gevouwen moet worden. Vervolgens is er iemand die ze erin naait, dan gaat het naar de volgende tafel en daar wordt de bovenkant in elkaar gezet en vervolgens wordt het gelocked, zodat het netjes is afgewerkt. Op de bandentafel worden de bandjes eraan gezet en tot slot de onderkant omgezoomd", fertelt Dieuwke van Elst, dosint oan de skoalle.

Se fynt it fijn dat se yn in lyts groepke oan de kapkes wurkje kinne om sa wat goeds te dwaan foar de mienskip. De mûlkapkes binne der yn ferskillende stofkes en kleurkes. Rôze, mar ek donkergrien. "We kunnen ons voorstellen dat mannen niet met een roze mondkapje willen rondlopen", seit Dieuwke. De kapkes kinne útwosken wurde en troch der keukenpapier of stofsûgerfilters yn te dwaan kinne se faker en feilich brûkt wurde.

Foto: Omrop Fryslan

Brousel

Even fiederop is skiekundedosint Klaas Palma mei in alkoholysk brousel dwaande. Mar dit is net om op te drinken. "Nee, mar it is wol ús basis om desynfeksjemiddel te meitsjen."

It is foaral hângel dat er makket troch alkohol út âlde wyn te destillearjen. Palma hat in hiele destillaasje-ynstallaasje boud yn it skoallokaal, dêr't wyn bobbelet en de alkohol yn ferskate buiskes ôffierd wurdt. Oan de ein komt der by de alkohol noch wat guod yn.

"Ik ha der wat in fersoargjend stofke yn sadat it ek wat noflik fielt, want it makket faak wat skraal. En it hat ek noch in moai kleurke ek", seit Palma. Rôze, giel en grien, dat binne der ferskate kleurkes.

Op it potsje stiet de namme fan de skoalle en 'Corona Campus'. Sa is yn alle gefallen dúdlik dat it middeltsje fan de skoalle komt. Palma moat der tsjinoan produsearje en docht graach in opropke, want hy kin noch wol wat âlde wyn brûke.

Foto: Omrop Fryslan
(advertinsje)
(advertinsje)