Fertochte (33) fan deadlike stekpartij Easterwâlde bliuwt langer fêstsitten

09 apr 2020 - 17:10

De 33-jierrige Ljouwerter fertochte fan de deadlike stekpartij yn Easterwâlde bliuwt 14 dagen langer fêst sitten, dat hat de rjochter-kommisaris tongersdeitemiddei besletten. De Ljouwerter melde himsels ôfrûne moandei by de plysje.

Foto: De Vries Media

It Iepenbier Ministearje fertinkt de man fan moard of deaslach, mishanneling en bedriging. By it stekynsidint ôfrûne sneontemiddei kaam in 44-jierrige man út Bovensmilde yn Drinte om it libben. It slachtoffer waard swierferwûne oantroffen by in tankstasjon yn Easterwâlde.

De plysje hâldt der rekken mei dat de oanlieding foar it ynsidint yn de relasjonele sfear leit.

(advertinsje)
(advertinsje)