Edukative bijegreide yn Surhústerfean

09 apr 2020 - 17:09

Ien fan de plakken dêr't Landschapsbeheer Friesland de kommende tiid in blommelân makket foar it behâld fan bijen yn Fryslân is yn Surhústerfean. By in melkfeebedriuw oan de Blauhústerwei wurdt in stik greide ynsiedde mei spesjaal sied.

Lânskipsbehear Fryslân makke tiisdei bekend dat de kommende tiid 4700 kante meter lân ynsiedde wurdt. Inisjatyfnimmer Conny Bloemhof woe it graach by it eigen melkfeebedriuw hawwe. "Ik hie neat mei bijen, mar it is moai dat wy sa de ekology helpe kinne." Foaral mei de wylde bijen giet it net goed. "Wy wolle sa de leefgebieten fan dy bijen wat ferbetterje."

Deun njonken de pleats fan Bloemhof komt de spesjale bijegreide. "Wy ha foar dizze lokaasje krekt by de dyk keazen sadat bern en jongeren ek sjen kinne wat sa'n bijegreide docht. Wy wolle de bern derby belûke. Wy hoopje dat dat op dizze wize slagget," sa seit Bloemhof.

Se hawwe in stik gers klear makke en dat sil de kommende tiid ynsiedde wurde. Ek binne der sânheuvels oanlein. Bijen kinne har op dizze wize yn de grûn neskje.

De spesjale bijenweide dy't ynsiedde wurdt - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It sied dat brûkt wurdt om de bijegreiden te realisearjen is blommesied fan Cruydt-Hoeck fan Nijerberkeap. Sa'n tsien ferskate ynstellingen wurkje mei oan it blommegreideprojekt fan Lanschapsbeheer Friesland. Neist stikken grûn wurde ek bulten en bijekasten ynrjochte, alles om derfoar te soargjen dat yn de takomst better giet mei de bij yn ús provinsje.

It is fansels net allinnich foar de bijen. "Ek flinters, ynsekten en fûgels ha hjir ferlet fan," seit Gerrit Tuinstra fan Landschapsbeheer Friesland. Se meie hiel graach yn it sân harren nêst meitsje. "It wurdt dan in soarte fan bijehotel."

Mear as de helte fan alle 358 soarten bijen yn Nederlân wurdt neffens Lânskipsbehear Fryslân mei útstjerren bedrige. Te min iten is in grut gefaar. Doel fan de aksje is dan ek om te soargjen foar nije itenslokaasjes foar de bijen. Dy binne wichtich foar ús eigen itensfoarsjenning en foar de natuer.

De sânbulten mei beammen foar de bijen - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(advertinsje)
(advertinsje)