Ljouwert hat 20.000 mûlkapkes krigen fan Sineeske susterstêd

09 apr 2020 - 16:47

Ljouwert hat in kontener mei 20.000 mûlkapkes krigen fan de Sineeske stêd Liyang, sûnt 2011 in saneamde susterstêd fan de Fryske haadstêd. De mûlkapkes tsjin it coronafirus sille brûkt wurde foar de hiele Veiligheidsregio Fryslân. De mûlkapkes binne geskikt foar soarchpersoniel en pasjinten dy't nei alle gedachten besmet binne.

Foto: ANP

Boargemaster Sybrand Buma hat yn in fideoboadskip syn tank útsprutsen oan de ynwenners en bestjoerders fan Liyang.

Erik Vonk fan Zorgcoördinatie Noord is tige ynnommen mei de jefte. Vonk sil de distribúsje opsette fan de mûlkapkes en hy jout oan dat it ek in ynspiraasje is om sjen te litten dat wy der net allinne foar steane.

(advertinsje)
(advertinsje)