Antoinette de Jong ferlinget kontrakt: oant en mei de Spelen by Jumbo-Visma

Antoinette de Jong rydt oant en mei de Olympyske Spelen fan 2022 by Jumbo-Visma. It ôfrinnende kontrakt fan de reedrydster fan Rottum is mei twa jier ferlinge. Se rydt sûnt 2018 foar de ploech fan coach Jac Orie. "Ik gean foar sekerheid en ha in hiel soad fertrouwen yn Jac en de ploech", fertelt De Jong.
Antoinette de Jong

Gjin twivel

De Jong is bliid dat se langer fêstleit by de ploech fan Jumbo-Visma. "Ik wol graach in sekere wei yngean en ik tink dat dat it beste by dizze ploech kin. Ik wit wat ik oan Jac haw en we witte dat we ferbetterje kinne. Foar my wie de keus net hiel muoilik." Sponsoaren binne yn it reedriden dreech te finen, mar dy soargen hat De Jong hielendal gjin lêst fan, om't se al twa jier foar dizze ploech rydt en de kommende twa jierren dus ek. "Ik soe net oars mear wolle. It jout in soad sekerheid, ek foar de kommende jierren. Ik hoopje dat de ploech noch langer bestean kin.
© Orange Pictures
Antoinette de Jong oer har kontraktferlinging

Wrâldnivo

De Rottumse rydt al twa jier ûnder lieding fan Orie en har coach is bliid dat dêr noch twa seizoenen by komme. "Antoinette is de laatste twee jaar uitgegroeid tot een vaste waarde in onze ploeg. Ze heeft het talent en de voorwaarden om uiteindelijk door te groeien naar het hoogste treetje van het podium op wereldniveau", fertelt Orie.

Fertrouwen

It ôfrûne seizoen wie teloarstellend foar De Jong. Se pleatste har op de yndividuele ôfstannen net foar it EK en WK ôfstannen. Dat hat net ta twivels laat by harsels, mar ek net oan de oare kant by de ploech. "It ôfrûne seizoen wie net hiel goed, mar der sit noch in hiel soad progresje yn. It is moai dat minsken fertrouwen yn my hâlde en moai om sokke minsken efter my te hawwen."