Musea yn de knipe troch coronasluting: "Dit moat gjin seis moannen duorje"

Dit moat gjin seis moannen duorje, seit Corrie Oerlemans oer de sluting fan museum Belvédère yn Oranjewâld. It museum is, lykas alle musea yn Nederlân, ticht fanwege it gefaar op besmetting mei it coronafirus. Hoelang't de sluting duorje sil, is foarearst noch net bekend.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Museum Belvédère stie der kwa jild net altyd like goed foar. Se besykje in bytsje in reserve op te bouwen, mar dat wurdt sa wol hiel dreech, seit Corrie Oerlemans.
De seis meiwurkers binne achter de skermen drok oan it wurk foar as it museum aansen wer iepengiet. De frijwilligers sitte op 't heden allegearre thús. Sy wurde op de hichte hâlden mei in nijsbrief en der is geregeld kontakt. De nije eksposysje dy't noch mar twa wiken te sjen wie doe't it museum ticht moast, is ferlinge oant 1 july. Hooplik is dat genôch, seit Oerlemans, want de termyn is alris earder oanpast.
It museum hat maatregels oankundige foar as it wer iepen mei. Sa komme der skermen by de kassa te stean en meie der net mear as tritich besikers tagelyk yn it museum wêze. Der is al in aparte yn- en útgong en dat makket it makliker dat de besikers inoar net hoege tsjin te kommen.
Corrie Oerlemans