Kommissaris Arno Brok op wurkbesite yn sikehûs Tjongerschans

Kommissaris fan de Kening Brok hat tongersdeitemoarn op wurkbesite west yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean. Fia Twitter meldt Brok dat er ûnder de yndruk is fan hoe't se dêr ûnder hege druk omgean mei de coronakrisis.
Brok wie der tegearre mei boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean. De boargemaster is tige grutsk op it personiel fan it sikehûs, skriuwt er op syn Twitteraccount.
Tjongerschans fangt krekt as oare Fryske sikehûzen ek pasjinten op fan bûten Fryslân. It sikehûs hat syn intensive care-ôfdieling dêrfoar útwreide.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok