Patyna siket namme foar âldereinkompleks yn âlde gemeentehûs Wommels

09 apr 2020 - 16:05

Soarchorganisaasje Patyna is op syk nei in nije namme foar it âlde gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels. It eardere gemeentehûs wurdt ferboud ta in appartemintekompleks foar âlderein. Dêrom siket Patyna in nije namme foar dizze wenlokaasje.

It âlde gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels, tenei in wenlokaasje fan Patyna - Foto: Patyna

Yn it eardere gemeentehûs yn Wommels komme 18 apparteminten foar senioaren. Ek komt der in 'doarpskeamer' om inoar te moetsjen, sa is der ek plak foar aktiviteiten op it mêd fan wolwêzen. Bewenners hiere in appartemint en kinne ek in helpende hân krije as dat nedich is.

Minsken dy't in passende namme witte, kinne dy foar 15 maaie ynstjoere by Patyna.

(advertinsje)
(advertinsje)