Wetterskip pakt wâlskanten oan de eastkant fan de Langwarder Wielen oan

09 apr 2020 - 15:35

Parten fan de wetterkearingen oan de eastkant fan de Langwarder Wielen foldogge net mear oan de easken. Dêrom sil Wetterskip Fryslân dizze moanne dwaande mei it opknappen, ferstevigjen en ferheegjen fan de wâlskanten, dat 150.000 euro kostet.

De Langwarder Wielen nei it noardwesten sjoen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It giet om 1,2 kilometer dy't wer op de goeie hichte brocht wurde moat. De wurksumheden moatte op syn lêst healwei juny klear wêze.

It betsjut dat it fytspaad tusken de Tramwei en de Woudfennen tydlik net tagonklik is. Dat bart fan 20 april ôf en duorret oant healwei juny.

Op dit stuit hat it Wetterskip ferskate projekten rinnen om wetterkearingen oan te pakken. De kommende jierren wurdt der noch sa'n 250 kilometer opknapt.

(advertinsje)
(advertinsje)