Gaoatyske tafrielen by Fryske miljeustrjitten: kom net samar del

It binne noch hieltyd gaoatyske tafrielen by de miljeustrjitten yn ús provinsje. De wachttiid kin sels oardel oere wurde. Omrin docht dêrom opnij in driuwende oprop: 'Kom net mei dyn ôffal as it net echt needsaaklik is'.
Gaoatyske tafrielen by Fryske miljeustrjitten: kom net samar del
By alle tsien miljeustrjitten yn Fryslân is it drok, ek by dy fan Ljouwert. Minsken bringe allegearre tagelyk harren ôffal fuort. Boppedat moast Omrin maatregels nimme om de fersprieding fan it firus foar te kommen. Sadwaande meie der hieltyd net mear as fiif auto's op it terrein wêze. It smyt in lange rige oan auto's op, en sa no en dan fine der gaoatyske tafrielen plak.
Gaoatyske taferielen by miljeustrjitten © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De drokte yn Ljouwert kaam woansdei ta in hichtepunt. "De wachttijd liep op tot twee uur", seit Jelmar Helmhout, wurdfierder fan Omrin. "Dat willen we toch voorkomen. Daarom vragen we mensen vooral thuis te blijven als het niet nodig is om met met het afval naar de milieustraat te komen."
Dat docht Omrin bygelyks mei in app: dy warskôget minsken as it te drok is. Boppedat jout Omrin alternativen foar it ynleverjen fan ôffal.

Begryp

Doe't de maatregels op de miljieustrjitte krekt fan krêft wiene, moasten de minsken wol efkes wenne oan de nije situaasje. "Nu heeft men wel door dat het erbij hoort." Mar noch altiten kin it sa wêze dat minsken der oan de ein fan 'e dei net mear ynlitten wurde.
Dêr wol de Omrin foar warskôgje. "Kom niet op het laatste moment", seit Helmhout. De kâns is grut dat it stek foar dyn noas op slot giet.
Ferkearsregelers by de miljeustrjitte yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Waar moet je het laten?"

Yn de rige foar de miljeustrjitte fan Ljouwert is it yntusken noch altiten drok. Der wurde ferkearsregelers ynset om it feilich te hâlden. Underwilens telt de file sawat fjirtich auto's. "Iedereen zit nu thuis, dan ga je met de tuin bezig", seit ien fan de minsken yn de rige. De drokte fernuveret him net. Dochs is hy fêst fan doel it ôffâl by de Omrin ôf te leverjen. "Waar moet je het anders laten?", freget er him ôf.
Ferslachjouwer Timo Jepkema by Omrin Ljouwert