Jillert Anema oer situaasje easyJet: "We moatte net nayf wêze"

09 apr 2020 - 15:25

Jillert Anema hâldt rekken mei in senario dat easyJet dermei ophâldt. Tagelyk makket hy him der gjin soargen oer. "We soene nayf wêze as we net mei in negatyf senario rekken hâlde, mar foar no is der gjin konkrete reden om te tinken dat se ophâlde." Team easyJet is de reedrydploech dêr't Anema trainer by is. De fleantúchmaatskippij fljocht no lykwols net troch de coronakrisis.

De presintaasje fan easyJet as sponsor fan de ploech yn 2018 - Foto: ANP

It kontrakt mei easyJet rint no troch oant nei de Olympyske Spelen fan 2020 yn Peking. "Mar der is wol in klausule dat se der ûnderút kinne by bysûndere omstannichheden. Dit foldocht dêr fansels wol oan. Mar we hawwe no gjin sinjalen dat we ús soargen meitsje moatte. Se binne nei it earste jier hiel tefreden oer de gearwurking. Mar je witte it noait. It haadkantoar kin ynienen wol hiel oars beslisse."

De ploech fan reedrider Jorrit Bergsma moat lykwols net nayf wêze, sa seit Anema. "We moatte wol rekken hâlde mei dizze krisis. Ik bin ferantwurdlik foar dizze ploech en moat goed neitinke oer 'wat as-senario's. En dat doch ik dan ek."

(advertinsje)
(advertinsje)