Dit jier wol of gjin PC? Beslút falt op 1 juny

09 apr 2020 - 15:18

De Permanente Commissie beslút op moandei 1 juny oft de PC dit jier trochgiet of net. Dat meldt de organisaasje fan de PC yn Frjentsjer op de eigen webside.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Permanente Commissie seit dat dy alles wat oangeande de útbraak fan it coronafirus mei belangstelling folget. Omdat alles noch hiel ûnwis is, is it noch net mooglik om in beslút te nimmen oer it wol of net trochgean fan de PC.

As it wol kin, begjint de kaartferkeap op sneon 6 juny. De PC is dit jier op 29 july.

Trefwurden: 
keatsen PC coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)