De Trucktour komt werom: mei 150 frachtweinen troch de Súdwesthoeke

09 apr 2020 - 14:46

De Trucktour troch Súdwest-Fryslân makket syn rentree. Yn 2015 fûn de lêste edysje fan dizze rit fan frachtweinen plak. De Trucktour is er spesjaal foar minsken mei in lichaamlike of ferstanlike beheining en rydt troch it súdwesten fan de provinsje. Fanwegen it geregel joech it âlde bestjoer der nei tsien edysjes de brui oan, mar no is der in nij bestjoer.

Trucktour Súdwest-Fryslân - Foto: Trucktour Súdwest-Fryslân

De rit fan 55 kilometer stiet foar 5 septimber op de planning. Dat is fanwegen it coronafirus fansels wol mei in slach om de earm. It ynskriuwen kin fan 1 maaie ôf begjinne.

Foarsitter Hugo Rozeboom die sels al inkelde kearen oan de Trucktour mei. Tegearre mei in freon fûn er dat it no tiid waard de tocht yn eare te werstellen. "Wy hawwe it âlde bestjoer benadere. Doe gong it baltsje rôljen", seit Rozeboom. Om't de organisaasje fan earder de administraasje goed op oarder hie, is it neffens Rozeboom net dreech om de tocht op 'e nij op de planning te setten.

150 frachtweinen

It foarútsjoch is no dat der yn septimber mar leafst 150 frachtweinen by de doarpen fan Súdwest-Fryslân del ride sille. "It moat wol in bytsje 'yndrukwekkend' wêze", seit Rozeboom.

Hy tinkt yn alle gefallen dat der genôch animo is by sjauffeurs, dy't aanst allegearre in dielnimmer meinimme op harren tocht troch de Súdwesthoeke. "As ik wat om my hinne sjoch, dan sjoch ik dat dat wol goed komt", seit Rozeboom. Oer it tal dielnimmers makket er him al hielendal gjin soargen. "Ik tink dat wy binnen 'no time' op 150 dielnimmers sitte. It is foar harren gratis: sy kinne harren sa ynskriuwe."

Alle fertrouwen

Fansels hat de organisaasje fan de Trucktour Súdwest-Fryslân ek te krijen mei de coronamaatregels. Spannend bliuwt it dêrom wol. Rozeboom: "It is noch efkes ôfwachtsjen. Mar dat is it yn dizze tiden dochs allegearre. Ik haw der wol fertrouwen yn."

Hugo Rozeboom, foarsitter fan it nije bestjoer fan de Trucktour

(advertinsje)
(advertinsje)