Winkels stadichoan mear iepen: "Bliid dat se wer tusken de boeken omskarrelje kinne"

09 apr 2020 - 14:32

Hieltyd mear winkels iepenje de doarren wer. Wol binne de iepeningstiden beheind en wurde der ekstra maatregels naam om besmetting mei it coronafirus tsjin te gean.

Boekwinkel Van der Velde yn Ljouwert is ien fan dy winkels dy't wer iepen is, mar wol mei oanpassings. Der meie net mear as tsien klanten yn de winkel, in (ûntsmet) winkelkuorke is ferplichte en der is ienrjochtinsferkear sadat minsken inoar net tsjinkomme kinne. Fierders jildt yn de boekwinkel fansels ek it ferplichte oardel meter ôfstan hâlde.

De boekwinkel hat mei-inoar twa dagen ticht west, fertelt meiwurker Ronnie Terpstra. Se hawwe ek in skoftsje in ôfhelloket hân, mar doe't dat net mear feilich wie, is besletten dat ek te sluten. "It is belangryk dat wy wer iepen binne. Wy binne gjin webshop en de klanten binne bliid dat se wer wat omskarrelje kinne tusken de boeken", seit Terpstra.

Van der Velde wer iepen - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Der binne mear winkels wer iepengien, lykas bygelyks kleanwinkel Vero Moda yn Ljouwert. Der wiene ek berjochten dat 'bûtendoarsaak' Bever Sport wer iepen wêze soe, mar dat jildt net foar Ljouwert. Dy winkel is te lyts en hat tefolle hoekjes om 'coronaproof' winkelje te kinnen, seit in meiwurker. De winkel yn Ljouwert wurdt wol oanpast kwa yndieling, sadat er meikoarten wol iepen kin. Oant salang kinne Bever Sport-klanten terjochte yn Grins en nei it wykein ek yn Stienwyk.

Vero Moda wer iepen - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)