Coronaspoaren oantroffen yn rioel Skylge foar't earste besmetting dêr fêststeld waard

09 apr 2020 - 13:57

Wetterskip Fryslân docht mei oan in ûndersyk nei it opspoaren fan coronagenen yn rioelwetter. Spoaren fan it firus kinne foarkomme yn de ûntlêsting fan minsken dy't besmet binne en komme fia it húske yn it rioelwetter telâne. Dy waarden neffens it wetterskip al oantroffen yn rioelwetter op Skylge foar't dêr de earste besmetting fêststeld waard.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ein maart makke it RIVM bekend dat it monitoarjen fan rioelwetter in goede metoade wêze kin om de fersprieding fan it coronafirus te folgjen. Mei behelp fan DNA-techniken troffen it RIVM en wetterûndersyksynstitút KWR coronagenen oan yn ynkommend ôffalwetter op in oantal rioelwettersuveringsynstallaasjes yn Nederlân. Beide ynstituten gean no fierder mei dat ûndersyk.

Genfragminten oantroffen yn Fryslân

Wetterskip Fryslân stipet dit ûndersyk en hat meunsters oanlevere fan de rioelwettersuveringsynstallaasjes yn Ljouwert, Frjentsjer en op Skylge. Ofrûne woansdei waard bekend dat op 13 ynstallaasjes yn Nederlân genfragminten fan it firus oantroffen binne, ek op dizze trije lokaasjes fan Wetterskip Fryslân.

Dat it gen al betiid mjitber is, docht no bliken út de resultaten fan de mjittings by de rioelwettersuvering op Skylge. It gen wie dêr al mjitber foar't de earste besmetting offisjeel fêststeld waard. Begjin febrewaris konstatearre KWR dat ek al yn Amersfoort. It monitoarjen fan ôffalwetter blykt in goede manier om de fersprieding fan it firus te folgjen.

Gjin sûnensrisiko's

De meiwurkers op de rioelwettersuverings rinne neffens it Wetterskip gjin ekstra risiko as se har hâlde oan de normale hygiënefoarskriften. De beskermingsmaatregels dy't sy normaal nimme as sy mei ôffalwetter omgean, beskermje ek tsjin it nije coronafirus.

Lês hjir alle fragen dy't in soad steld binne oer coronafirus yn it rioelwetter en it antwurd fan Wetterskip Fryslân dêrop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)