Boargemaster Van Gent fan Skier: 'It eilân sil net fallyt gean'

09 apr 2020 - 11:55

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach makket har soargen oer it kommende peaskewykein. Se is benaud dat toeristen mei it moaie waar in dei nei it eilân komme wolle. Yn in taspraak op de lokale omrop die se nochris de twingende oprop om foaral net nei it eilân te kommen.

De fjoertoer fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

"Normaal gesproken is Schiermonnikoog natuurlijk heel gastvrij, maar dit is gewoon niet het beste moment om hiernaartoe te komen", seit Van Gent. "De horeca is dicht, voorzieningen zijn gesloten, er zijn geen activiteiten. Alleen een paar winkels zijn open. Dat geeft geen goede basis om hiernaartoe te komen"

Ekonomy draait op toerisme

It nimmen fan it beslút wie foar har grif net ienfâldich: it grutste part fan de ekonomy fan it eilân driuwt op it toerisme. "Het doet bij iedereen pijn, daar kunt u zeker van zijn", lit Van Gent witte. Mar de sûnens fan de eilânbewenners kriget fan har no foarrang. "Onze hotels zijn uit zichzelf al dichtgegaan: die snappen wel dat ze niet onnodig risico moeten nemen. Onze toeristenbranche begrijpt het eigenlijk erg goed. Het doet pijn, maar het is nu even niet anders. We moeten straks gaan kijken hoe we dit zo goed mogelijk kunnen opvangen."

Boargemaster Ineke van Gent - Foto: Ineke van Gent

Bysûndere posysje

Dochs is it in hurde klap foar de ûndernimmers. Neffens Van Gent sil it eilân net fallyt gean, mar moatte provinsje en Ryk wol sjen nei de bysûndere posysje fan de Waadeilannen, dy't foar hast 100 persint ôfhinklik binne fan toeristen. "De ondernemers kunnen dit wel een tijdje overbruggen, maar niet voor zo'n lange tijd", seit Van Gent dêroer. "Onze toeristenbranche ligt helemaal plat." Om de ûndernimmers fan Skiermûntseach temjitte te kommen, rôp de gemeente dêrom sels ek al inkelde maatregels yn it libben, lykas it foarútskowen fan de toeristebelesting.

Stipe jaan

Mei de útstjoering op de lokale stjoerder woe Van Gent net allinne de oprop dwaan, mar ek stipe jaan oan de eilânbewenners fan Skiermûntseach. " Het is ook belangrijk dat we goed contact houden met elkaar. Ik heb ervoor gekozen dat nu via de plaatselijke tv te doen."

In eilân sûnder toeristen, wylst it foarjier hieltyd moaier wurdt: dat moat wol efkes wenne. Van Gent: "Het eiland ligt er nu op z'n mooist bij. Het is een heel surrealistische sfeer, maar het is beter om het zo te laten. Als mensen van Schiermonnikoog houden, moeten ze zoveel mogelijk thuisblijven."

Boargemaster Ineke van Gent oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)