Adri de Boer sjongt foar leech Abe Lenstrastadion

09 apr 2020 - 11:55

Trûbadoer Adri de Boer wol op Goedfreed hiel Fryslân in hert ûnder de riem stekke mei in spesjaal optreden. De Boer spilet foar in leech Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean in nûmer dat er spesjaal foar de gelegenheid skreaun hat. It hjit 'It is sa as it is', en dat is in útspraak fan fuotbaltrainer Foppe de Haan.

Adri de Boer - Foto: Adri de Boer

Neffens Adri de Boer past dy útspraak goed by de situaasje dêr't we no yn sitte. Omdat it ferbean is om mei groepen minsken byinoar te kommen, binne der fierders gjin minsken by, útsein twa gasten: Foppe de Haan en âld-Hearrenfeanfoarsitter Riemer van der Velde. Mar dy bliuwe op ôfstân faninoar en fan Adri de Boer.

(advertinsje)
(advertinsje)