Meardere gemeenten komme mei smookferbod yn bosk en natuer

09 apr 2020 - 11:26

Yn de bosken en natuergebieten yn de gemeenten Weststellingwerf, Eaststellingwerf en Opsterlân mei net mear smookt wurde. Dat ha de gemeenten besluten op advys fan de brânwacht. It ferbod is needsaaklik fanwege de oanhâldende drûchte.

Foto: ProNews

Ien weismiten peukje kin de oarsaak wêze foar in grutte natuerbrân. De brân kin ek ûntstean trochdat de sinne op in stik glês skynt.

Yn de gemeenten mei ek net mear stookt wurde yn de iepen loft. Yn eigen tún mei dat wol, mar bliuw by de fjoerkoer of de barbecue en set in amer wetter klear, advisearret de gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)