Natuerorganisaasjes wolle konkreter natuerbelied fan provinsje

09 apr 2020 - 10:25

Mei it hjoeddeiske natuerbelied fan de provinsje wurde de lanlike en ynternasjonale natuerdoelen net helle. Dat is de konklúzje fan it rapport 'Meer natuur minder knel' dat yn opdracht fan It Fryske Gea, Natuermonuminten, de Fryske Miljeufederaasje en Lânskipsbehear Fryslân opsteld is. Se roppe de provinsje Fryslân op om krêftiger op te treden by it behâld en werstel fan de Fryske natuer.

Skries yn it boerlân - Foto: Omrop Fryslân

In ûndersyksburo hat lanlik yn kaart brocht hoe't de provinsjes harren taken en foech útfiere foar it natuer- en lânskipsbelied. Dêrmei is der better sicht op de ynfolling fan dat belied yn elke provinsje en de ûnderlinge ferskillen. Ek is ûndersocht yn hoefier't it belied fan alle provinsjes tegearre liedt ta it berikken fan lanlike en ynternasjonale natuerdoelen.

Soargen

De natuerorganisaasjes meitsje har soargen oer it berikken fan dy doelen. Dat bliuwt stekken op juridysk mêd, mar der is ek net genôch tafersjoch op it beheljen fan de doelstellings út de provinsje wei. Dêrneist binne der grutte ûnderlinge ferskillen tusken de provinsjes kwa ynfolling en útfiering. "As je sjogge nei de nasjonale en ynternasjonale ferplichtings dy't der lizze foar it werstel fan it natuerbioferskaat, dan wurdt oer alle provinsjes dúdlik sein dat we it net rêde", seit Henk de Vries fan It Fryske Gea.

Konkretere ambysjes

Om dy natuerdoelen te berikken moatte de provinsjes neffens de natuerorganisaasjes har natuerambysjes konkreter meitsje en mear ynsette op beskerming fan lânskip en soarten. "Belied en middels binne der wol, mar op de wetten wurdt net genôch stjoerd", seit De Vries. Yn Fryslân soe der mear ynsetten wurde moatte op greidefûgels en it lytsskalige lânskip mei ûnder oare houtwâlen.

De organisaasjes hoopje dat de provinsje har ferplichtings noch ris goed tsjin it ljocht hâldt. "Se moatte sjen hokker soarten, lânskippen en biotopen hjir wichtich binne en hoe't we dy beskermje wolle en hoe't we dêr útwurking oan jaan wolle."

Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea

(advertinsje)
(advertinsje)