Dielnimmers Fytsalvestêdetocht kinne kaart bewarje foar takom jier

09 apr 2020 - 08:57

Minsken dy't in kaart hawwe foar de Fytsalvestêdetocht fan dit jier kinne dizze trochskowe nei takom jier. In pear wike lyn waard dúdlik dat de tocht, dy't altiten holden wurdt op Twadde Pinksterdei, dit jier net trochgean sil. De coronamaatregels litte dat net ta. Restitúsje fan it jild is net mooglik, mar de organisaasje komt no wol mei in temjittekomming.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Stephan Rekker, foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht, leit út wat de organisaasje dwaan sil om de dielnimmers temjitte te kommen no't it evenemint dit jier net trochgiet. "Elkenien dy't in kaart hat foar 2020, kriget takom wike berjocht fan ús", seit Rekker. "De fytsers kinne dy kaart trochskowe nei 2021. Yn novimber krije se it fersyk om in tientsje by te beteljen."

Trochrinnende kosten

De kosten fan de Fytsalvestêdetocht binne neffens Rekker net bysûnder heech: al inkelde jierren efter mekoar komt de organisaasje út op de 'nulline', sa't Rekker dy neamt. Neffens him bin it benammen de personielskosten dy't opfongen wurde mei it freegjen fan in tientsje ekstra foar it takom jier. It ekstra jild is dêrmei dus bedoeld foar de trochrinnende kosten dy't de organisaasje elk jier hat.

Begrip

De reaksjes op it beslút binne eins allegearre posityf, neffens Rekker. "De minsken ha allegear begryp. De sûnens fan elkenien is gewoan fierwei it wichtichst", leit hy út. " De sûnens fan de dielnimmers, mar ek fan de frijwilligers giet foar." Lykas de fytsers, sille de frijwilligers fan it evenemint ynkoarten ek berjocht krije oer it meidwaan oan takom jier.

Foarsitter Stephan Rekker oer de Fytsalvestêdetocht

(advertinsje)
(advertinsje)