Kollum: "Skuorkes"

09 apr 2020 - 08:20

"'Samen krijgen we corona onder controle' stiet der tsjintwurdich efter Mark Rutte en Hugo de Jonge as se in parsekonferinsje jouwe oer de bestriding fan corona. We binne no hast in moanne lang yn in 'intelligente lock down'.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Nei de earste gaos - debatten mei keamerleden sûnder in idee wêr't se it oer hiene; partijen dy't harren bekende dwerse stânpunten ynnamen, wylst it grouwe krisis wie; en in minister dy't ûnderút gie yn in debat en de dei dêrop opstapte - steane de mannen fan stiel dêr no elke tiisdei om sân oere jûns, yn alle rêst, holpen troch in curve dy't flattened is, alteast sa liket it. Mark en Hugo binne sûn en ha alles ûnder kontrôle, it is net foar neat dat dat wurd no ek op de achterwand stiet.

Tiisdei hearden we dat Rutte wer grutsk is op ús - útsein de motorriders. Motorriders, mei ik it dêr even oer ha? Ik ha ek motorriden, en it is tige aardich, mar as ik ien ding nea begrepen ha, dan is dat dy obsesje mei tsjokke útlaten. As se hjir troch de strjitte ride en it gas hielendal iepen lûke, om en heale sekonde letter wer op de rem te moatten, want corona of net, nearne yn Nederlân kinne je lekker trochride, dan suchtsje ik wer djip. Wer lit ien hearre dat er benzine omsette kin yn lûd. Elkenien dy't dat sjocht, of heart foaral, tinkt dochs allinnich mar: dy twivelet oan de grutte fan syn pimel. Kom op jonges, motorride is geweldich, mar hâld dyn twivels foar dysels. Afijn - wêr wie ik, oh ja, rustfrijstielen Rutte.

Hy sei dus tiisdei dat we der nei 28 april ek noch net fan ôf binne, fan de maatregels. En doe tocht ik: ai. Net om't it my ferwûndere, mar omdat 28 april noch helber like. Dúdlik ek, sa fan: ik kin 29 april by myn kapper sitte en oare nije plannen meitsje. Begryp my net ferkeard, ik snap dat we net samar wer werom kinne nei hoe't it yn jannewaris wie, want dit firus is in bitch. En der stjerre in protte minsken oan, en sa sunich oan is der nimmen mear yn Nederlân dy't dat net yn eigen omjouwing al meimakke hat. Utsein motorriders mei in tsjokke útlaat, dy ha dat allegearre net fansels, dat kinst sa hearre.

Mar gjin útsjoch op in ein is net wat we ûnder 'controle' ferstean. En dan betraapje ik mysels op in eigen exitstrategy. Ik betink wat ik dan no al dwaan kin, en miskien ek al mear dwaan kin as ik mysels foarige wike tastie. Ik ha tiid om soks te betinken. We ha allegearre tiid om soks te betinken. Der komme skuorkes yn it systeem. Kommend peaskewykein sille we dêr mear fan hearre; tefolle minsken yn 'e parken en 'e bosken; minsken dy't it thúswurkjen en de bern hielendal sêd binne; en fuck corona-feesten mei jongelju dy't in fersetsje nedich ha. En fansels wer wat mei motorriders.

In reis duorret pas echt ûnútsteanber lang as je it einpunt net witte. De minske is fan nature opportunistysk, en dat hat him sa fier brocht. Risiko nimme sit yn ús natuer; fansels probearje we dingen. Ik bedoel dit net as oanmoediging foar de 'geprivilegeerde vinex-bewenner' mei in fêste baan en in tún. Ik ha it oer bygelyks selsstannigen, dy't simpelwei jild fertsjinje moatte om it hûs en it iten te beteljen. En oer it gesin op trije heech mei allinnich in balkon. Want dat kin miskien dizze wike noch, en nije wike, sels oant 28 april noch, mar dêrnei moat der dochs echt wer wat barre. En dat útsjoch is der no net. En hoe goed ik ek begryp dat sokke garânsjes net jûn wurde kinne: it soarget foar skuorkes yn it plaatwurk fan de oanpak, en dan begjint it te rustkjen.

Hoe hjir mei om te gean Ik wit net oft dit it keare kin, mar ik soe sizze: pak wat grutte projekten oan. Miskien in putsje dêr't noch wat sinten mei te fertsjinjen binne dêr'tst al in skoft net oan ta kommen bist, miskien hiest altyd al sels in yttafel bouwe wollen, miskien wolst wol in trampoline yn 'e tún, miskien leit der noch administratyf wurk, miskien kinst dy oanmelde as frijwilliger foar it ien of oar, of kinst einliks dat fotoboek ris gearstalle datst al hiel lang online bestelle soest. Soks. Of skroef in nije útlit ûnder dyn motor."

(advertinsje)
(advertinsje)