UPDATE: Brân yn bedriuwspân Ljouwert ûnder kontrôle
De brânwacht is tongersdeitemoarn mei meardere weinen útriden foar in binnenbrân yn in bedriuwspân oan de Freark Damwei yn Ljouwert. Yntusken is it sein 'brân master' jûn.
De brân wie yn in unit dêr't farvematerialen opslein leine. Neffens de brânwacht wie der gjinien yn it gebou oanwêzich.