Hâldt de Fryske evenemintebrânsj de holle boppe wetter?

It ien nei it oare evenemint wurdt ôfsein fanwege it coronafirus. Faak wurdt it ferpleatst nei takom jier, mar hoe fanselssprekkend is dat? Wiebe Kootstra produsearret sa'n 25 grutte eveneminten yn it jier en hat noed oer de takomst.
© Omrop Fryslân, Douwe Boersma
Eveneminten binne ôfhinklik fan in grut netwurk fan bygelyks technisy en taleveransiers, mar kinne dy de holle boppe wetter hâlde?
De Admiraliteitsdagen, Befrijingsfestival, Hemels Festival en Fries Straatfestival, it is mar in lytse greep út de festivals dy't net trochgeane dêr't Kootstra by belutsen is.
En dan is der noch Simmerdeis, Dokk'em Open Air, it Veenhoop Festival en Psy Fi dêr't it noch ûnwis fan is oft se trochgeane. "Yn plak datst wend bist om folút te organisearjen, bist no hiele dagen oan it annulearjen, needsenario's oan it meitsjen en de elk oan it delbêdzjen", fertelt Kootstra. "We hawwe al in soad ôfsizze moatten en dan hearst soms de wanhoop yn de stim fan taleveransiers sa as de lûd- en ljochtbedriuwen."

Helte minder omset

Lanlik sjoen giet de omset yn de evenemintebrânsj foar dit jier mei de helte nei ûnderen. De ferwachting foar dit jier wie in omset fan 7,4 miljard euro, en dy is no al mei 3,5 miljard nei ûnderen ta gien. Dat blykt út ûndersyk fan de organisaasje EventPlatvorm. Se ferwachtsje dat dit lanlik 48.000 banen kostje sil fan de 100.000.

Noed oer lange termyn

Kootstra hat grutte soargen oer de lange termyn. Festivals kinne takom wol trochgean, mar besteane al dy taleveransiers dan noch wol, freget er him ôf. "We hawwe de lêste tsien jier yn it noarden de kulturele sektor flink útboud. Net mei grutte spilers, mar mei in sterk netwurk fan freelansers en ZZP'ers en dat makket it hiel kwetsber. Teäters en poppoadia steane wat dat oanbelanget folle steviger."
Psy-Fi festival © Omrop Fryslân
Wiebe Kootstra

Fyzje nedich

Kootstra soe wolle dat der mear fyzje komt fan de oerheid. "Ik sjoch dan bygelyks nei Denemarken dêr't oant 1 oktober gjin eveneminten plakfine meie. Dat jout dúdlikheid. Hjir falle besluten pas let, wêrtroch'tst dochs wol al kosten makke hast."
Ek begrypt Kootstra net wêrom't de provinsje Fryslân net nei de hiele kulturele sektor sjocht as it giet om kompensaasje en allinnich mei in kompensaasjeregeling komt dy't te krijen ha mei projekten dy't wer te krijen hawwe mei de legacy fan Kulturele Haadstêd.