Goede jirpels net nedich foar patat; wurde no feefoer

Goede konsumpsje-jirpels wurde mooglik as feefoer brûkt of komme as brânstof yn dongfergisters. Troch de coronakrisis rekket de folsleine merk fersteurd. Jirpels dy't gewoanwei ferwurke waarden as patat foar de hoareka bliuwe no lizzen.
Goede jirpels net nedich foar patat; wurde no feefoer

Sa hurd as beton

It is njoggen oere moarns, tiid foar kofje. Op it hiem fan bouboer Sinnema fan Dronryp steane trije stuollen klear foar de mannen op de trekkers. Se binne drok dwaande it lân klear te krijen en de jirpels te setten. Maklik giet dat dit jier net, seit Foppe Sinnema: "Der is yn de hjerst en winter in soad reinwetter fallen. Mar no is it alwer in pear wiken goed drûch. It lân is dan ek as beton sa hurd."
Mei ien trekker wurdt it lân no foarbewurke. De poaters kinne dan makliker set wurde. "It leafst ha ik de kommende dagen in 15 oant 20 milimeter reinwetter. Dat soe genôch wêze."

Jirpels foar elektrisiteit

De soargen oer it waar binne foar Sinnema no sa'n bytsje bysaak. Hy sjocht oare problemen oan de hoarizon. "Sjoch, der bliuwe no goede jirpels lizzen. Dy bedarje aansens troch de coronakrisis as feefoer of yn in mestfergister om elektrisiteit op te wekken. Dat is skande fan it moaie produkt."
De oarsaak sit him yn de maatregels om de hoareka te sluten: "Der wurdt hast nergens patat mear bakt, 80 persint fan dy produksje leit plat. Want restaurants binne ticht, festivals skrast. Nergens wurdt it mear makke."
Dy jirpels gean dan troch rjochting de setmoalyndustry. "Mar op in gegeven momint hat eltsenien genôch en dan hâldt it op."
Foar Sinnema hat it no allegear noch gjin konsekwinsjes. Hy leveret poaters en dy kontrakten binne allegear al ôfsletten. Sinnema sit mear yn oer takom jier: "As de tylders fan konsumpsje-jirpels no kwealik jild krije foar har produkt dan ha se takom jier ek minder om nije poaters te keapjen. Dat hat hoe dan en konsekwinsjes foar de prizen."
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Nije ûnderdielen bestelle duorret lang

Mei hurd wurkjen, letterlik en figuerlik, slagget it de mannen fan Sinnema de jirpels de grûn yn te krijen. It smyt allinnich al wer oare problemen op. Om't de grûn sa hurd is, gean ûnderdielen earder stikken. Troch de coronakrisis is it dreech om rap nije te krijen.
Sinnema: "Fabriken draaie op heale krêft en grinzen sitte ticht. De levertiden rinne gewoan op. Foar guon moatte je wachtsje oant augustus foar't je se krije. Dan moatte je as boer dus op syk nei oare oplossings dy't faak djoerder binne."
Boer Sinnema