Skoalbern op de Wylde Swan meie net fan board op de Azoaren

08 apr 2020 - 19:04

De 25 Nederlânske skoalbern dy't oan board fan it Makkumer sylskip de Wylde Swan de oseaan oerstekke, meie troch de coronamaatregels net fan fan board op de Azoaren. De learlingen fan it ûnderwiisprogramma Masterskip hawwe hast trije wiken oer de oseaan syld en woene in tuskenstop meitsje op de Azoaren. Se waarden ynhelle troch de realiteit fan de coronamaatregelen; der is net ien siik oan board.

Wylde Swan - Foto: Facebook

Begjin maart fleagen de learlingen nei Sint Maarten. It orizjinele plan wie om yn it Karibysk gebiet te silen en dêrnei werom te fleanen nei Nederlân. Troch alle maatregelen wie dat net mooglik en der waard besletten om dan mar mei it skip de oerstek oer de oseaan te meitsjen.

'Warriors of the Ocean'

It giet goed oan board. De groep hat himsels omdoopt fan 'Pirates of the Caribbean' nei Warriors of the Ocean fanwegen de Karibyske ûntdekkingsreis dy't wizige waard yn in oseaanoerstek.

De Wylde Swan is no oankommen op de Azoaren. Dêr soe proviand ynslein wurde en der soe efkes in pear dagen skoft wêze foar de groep skoalbern. It skip leit no foar anker en de learlingen meie der net ôf. It bestelde iten is op de kade setten en dat mei wol ophelle wurde. De autoriteiten wolle dat it skip wer sa gau mooglik fuort giet nei Nederlân ta. Dat dogge se no ek. De ferwachting is dat it skip tusken 20 en 24 april wer yn Nederlân is.

"Om't we net mear nei de eilannen koenen ha we besletten om,werom te silen en in stop de dwaan by de Azoaren om farsk iten en disel yn te slaan," fertelt Jeske de Boer. "We wisten dat der in lockdown wie, dus we kinne net fan board. De boadskippen binne brocht."

Sfear is goed

Neffens har is de sfear oan board noch hieltyd noflik. "We sitte al fiif wiken yn karantêne, de oardel meter-regel ha we noch net meimakke. De bern ha it noch goed nei it sin."

Oer 10 oant 14 dagen komme se wer yn Harns oan. "Dat is wat ôfhinklik fan de wyn, mar we kinne ek op de motor as it moat."

Op it kantoar fan de Wylde Swan yn Makkum fernimme se troch dit ferhaal dat de oseaanoerstekken dy't pland binne foar folgjend jier, ynienen hiel populêr binne. It aventoer stekt oan blykber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)