Frijwillich meidwaan mei corona-apps? "As minsken der belang by hawwe wolle se wol"

08 apr 2020 - 17:59

Wat waacht swierder: de privacy of gauwer út dizze coronakrisis weikomme te kinnen? Jo moatte derfoar soargje dat minsken der belang by hawwe, dan dogge se frijwillich mei, seit in hegeskoallelektor yn Ljouwert. Hy doelt op de apps dy't meihelpe moatte de fersprieding fan corona ûnder kontrôle te krijen.

Smartphone - Foto: Shutterstock.com

It kabinet makke tiisdei op in parsekonferinsje bekend dat twa apps de fersprieding fan it coronafirus ûnder kontrôle krije moatte. Dy binne noch yn ûntwikkeling, mar de earste soargen binne der al, want wat betsjut it foar ús privacy?

Superstrang

Dy apps kinne bêst wol in goed ding wêze, as wy ús dêrmei wer gauwer frij bewege kinne bûtendoar en nei it wurk kinne, seit lektor digitale ynnovaasje Job van 't Veer fan hegeskoalle NHL Stenden. Hy is net fuortendaliks benaud dat wy mei sokke apps in part fan ús privacy opjouwe. "Dat mei net, sa stiet yn de wet. En der wurdt yn Nederlân ek wol in soad oan dien. Hjir is it superstrang regele. Yn Aziatyske lannen bygelyks tille se der folle minder swier oan. "

Dûbeld gefoel

It hat wol wat dûbelds, is Van 't Veer fan betinken. "As de oerheid witte wol wêr't minsken binne, dan kin dat no al lang. Minsken binne ek aktyf op sosjale media lykas Facebook en Tiktok en se hawwe in TomTom yn de auto. Mar as it om de sûnens giet, binne minsken folle minder iepen. Dan spylje oare dingen mei. Miskien binne se benaud foar fersekeringen. "

Mei twa man en in ananas meidwaan hat net folle sin.

Job van 't Veer oer de kâns fan slagjen fan de appmetoade

Wichtich foar de kâns fan slagjen fan de appmetoade is der genôch minsken binne dy't meidogge. "Mei twa man en in ananas hat it net folle sin", seit Van 't Veer. "Technysk is it wol mooglik, mar moatst minsken oertsjûgje om frijwillich mei te dwaan. As minsken der sels ek belang by hawwe, wolle se faak wol. "

(advertinsje)
(advertinsje)