Steatsboskbehear slút fûgelsjochhutten

08 apr 2020 - 17:21

Natoerorganisaasje Steatsboskbehear skerpet de maatregels yn de natoergebieten oan. Sa wurde hast alle fûgelsjochhutten sletten. Op plakken der't it op smelle paden net mooglik is om oardel meter ôfstân yn acht te hâlden wurdt ienrjochtingsferkear ynsteld.

De maatregel is nedich om foldwaan te kinnen oan de rjochtlinen fan it RIVM. Boskwachter Manon van Wesel: "Je kunt van een afstand niet zien of er iemand in een vogelkijkhut zit. Dan is afstand houden op dat soort locaties erg lastig. Je moet ook door een deur en daarom sluiten we ook alle hutten waarbij je door een deur moet of iets anders aan moet raken om binnen te komen."

Yn Súdwest-Fryslân binne noch in oantal fûgelsjochhutten iepen. Dêr kinne je fan ôfstân wol goed sjen oft der al ien yn de hutte sit.

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Ienrjochtingsferkear

Yn natoergebiet De Deelen is ienrjochtingsferkear ynsteld op de flonderpaden. Manon van Wesel: "Het is daar gewoon te smal. Wil je elkaar passeren op anderhalve meter afstand dan staat één tot aan de knieën toe in het water. Zo is het toch mogelijk te genieten van de mooie natuur hier."

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma

Natoergebieten iepen: Hâld dy oan de regels

By Opeinde is it Blotevoetenpad ôfsletten en ek de útsjochtoer op de Keale Dunen en it bûtensintrum by Appelskea binne ticht. De natoerkampearterreinen fan Steatsboskbehear bliuwe ek sletten foar besikers.

"Maar de natuurgebieden zijn wel open voor bezoekers", seit Manon van Wesel. "Hou je alleen aan de richtlijnen van het RIVM. Dus anderhalve meter afstand en geen groepsvorming."

Foar kommend peaskewykein is wer prachtich waar foarsein. Steatsboskbehear hâldt de natoergebieten ekstra goed yn de gaten. As it te drok is, wurde parkearplakken of natoergebieten ôfsletten foar publyk

Foto: Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)