Parkearterreinen by pier Holwert gean ticht

08 apr 2020 - 17:14

De gemeente Noardeast-Fryslân hat besletten om twa parkearterreinen by de pier fan Holwert te sluten mei de peaskedagen. De gemeente docht dit nei't it it ôfrûne wykein drok wie op de pier fan Holwert.

It boerd dat warskôget dat de pier ôfsletten is - Foto: eigen foto

It terrein fan It Fryske Gea en it terrein by de kop fan de pier gean no foar ûnbepaalde tiid ticht.

It gebiet by de pier fan Holwert sil goed yn 'e gaten holden wurde troch de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)