SC Cambuur begrypt KNVB, mar wol ek dúdlikens oer net útspylje

08 apr 2020 - 17:10

SC Cambuur bliuwt noch altyd yn spanning oer de takomst. Fuotbalbûn KNVB set yn op it útspyljen fan de betelle fuotbalkompetysjes, fan heal juny ôf. Der is noch ien oar senario en dat is dat de kompetysjes net útspile wurde kinne.

Cambuur stiet boppe-oan yn de earste difyzje. Promovearje de Ljouwerters dan? Of moatte se takom jier opnij begjinne? Fragen dêr't algemien direkteur Ard de Graaf ek graach in antwurd op hân hie, al begrypt er dat de KNVB foarearst fol op it oare plan ynset.

De earedifyzje en earste difyzje wurde dizze simmer, as de omstannichheden dat talitte, oppakt en ôfmakke. De KNVB en de Eredivisie CV hawwe dat de clubs yn it betelle fuotbal tiisdei yn in fideokonferinsje witte litten. De yntinsje is om de kompetysjes healwei juny op te pakken. Sûnt de earste wike fan maart wurdt der fanwegen de útbraak fan it coronafirus, net mear fuotballe. Ferskate clubs, lykas Ajax, PSV en AZ, fregen de KNVB foarige wike al om in punt efter it seizoen te setten. SC Hearrenfean en SC Cambuur joegen oan it stânpunt fan de KNVB te folgjen.

"Veel afhankelijkheden"

"Vorige week hing alles nog in de lucht en toen wilden we in ieder geval een plan hebben. Dat plan ligt er nu, weliswaar met heel veel afhankelijkheden", seit Ard de Graaf, algemien direkteur fan SC Cambuur.

Wêr't alle klups noch dúdlikheid oer ha wolle, is wat it senario is as der dochs net mear spile wurde kin. "Je wil wel plannen kunnen maken. Je wil weten op welk niveau je straks speelt. Wij gaan uit van eredivisie, maar willen dat wel bevestigd zien."

Op dit stuit kin net traind wurde. De Graaf: "Volgens specialisten hebben we vijf weken nodig om op te kunnen trainen, voordat we weer een wedstrijd kunnen spelen."

Dat betsjut dat der heal maaie wer traind wurde moat. "Of dat kan, ligt opgesloten in het besluit dat op 21 april gaat vallen. Als de maatregelen langer worden doorgeschoven, schuiven de wedstrijden ook op."

Ard de Graaf fan Cambuur

Gjin publyk

As der wol wedstriden spile wurde, sil dat nei alle gedachten sûnder publyk wêze. "Dat is verschrikkelijk. Voetbal is een volkssport en Cambuur is een volksclub. Als dat de enige manier is om het af te maken, moeten we dat met z'n allen overwegen, maar dat is de minst gewenste situatie. Je doet het voor de mensen."

De Graaf: "Dus ja, er is een plan. Zijn we daar helemaal tevreden mee; nee. Begrijpen we dat: ja. Het is gewoon hele complexe materie."

(advertinsje)
(advertinsje)