Gertjan 'Grasjan' Hilarius fermakket him allinnich yn it Abe Lenstrastadion

08 apr 2020 - 16:40

Gertjan Hilarius wurket as gersman yn it Abe Lenstrastadion. Yn dy funksje makke er noch mar ien fuotbalwedstriid mei: thús tsjin Ajax. Dêrnei waard it troch de coronakrisis stil yn it fuotbalstadion. Der binne sels geregeld dagen dat er, njonken himsels, allinnich mar fûgels tsjinkomt.

Gers is de passy fan 'groundsman' Gertjan Hilarius fan SC Hearrenfean. As jonge fan 15 wie er yn Jiskenhuzen al sa bot mei gersmasines en gers yn it spier dat it him de bynamme 'Grasjan' oplevere. Hy wurke as 'greenkeeper' by ferskate golfklups, lykas dy fan Sint Nyk, en bedarre in moanne lyn as 'groundsman' by ien fan de neffens him moaiste gersmatten fan Fryslân: it Abe Lenstrastadion.

Hilarius fynt it mar in nuvere situaasje. "Dat is wol wat apart ja. Mei guon kollega's haw ik noch net iens fûstke. It giet der by myn wurk om om it fjild sa perfekt mooglik klear te krijen foar de folgjende wedstriid. Dat is de sport, dêr dogge je it foar."

Gertjan 'Grasjan' Hilarius is gek fan gers - Foto: Omrop Fryslân

It wurk ferfeelt gjin dei. Hilarius begjint moarns mei in rûntsje oer it fjild om te sjen hoe't it der byleit. Mei help fan in waarstasjon en oare apparatuer mjit er de tastân en gers en boaiem en beslút er wat er dy dei dwaan sil oan meanen en bereinen. Omdat de kompetysje no stilleit, is er al úteinset mei wurk dat oars ûnder it grut ûnderhâld falt.

"Je wolle in moaie tichte gersmatte hawwe, sadat der net te folle hynsteblommen en oar ûnkrûd yn waait. It iennichste foardiel fan dizze perioade sûnder fuortbal is dat de gersmatte der hiel moai byleit. De gersmatte is der yn alle gefallen klear foar om it seizoen ôf te meitsjen."

Ferslachjouwer Onno Falkena socht groundsman Gertjan Hilarius op

(advertinsje)
(advertinsje)