Stefan van der Pal hâldt opsje swimalvestêdetocht iepen

08 apr 2020 - 16:30

Stefan van der Pal wol de Alvestêdetocht yn de takomst mooglik noch wolris swimme. It jier 2020 soe oarspronklik it jier wurde, wêryn't de ultra-atleet de Tocht der Tochten swimme soe, mar ek hy moast ôfsizze, krekt as Maarten van der Weijden. Al hâldt Van der Pal de opsje iepen foar de kommende jierren.

Yn syn garaazje hie Van der Pal in saneamde 'endless pool' pleatse litten, sadat er ek thús traine koe. Mar, dêr nimt de swimmer foarearst wol ôfskied fan. Yn dit bad koe er lange einen tsjin de stream yn swimme. No is it swimbad leech en klear om ophelle te wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)